Nije loadsboat Strobos klear

By skipswerf Barkmeijer yn Strobos is freed de nije loadsboat Polaris te wetter litten. De Polaris de earste fan trije nije loadsboaten. Dy wurde ynset foar it begelieden fan skippen fan en nei de Rotterdamske haven. De nije skippen ferfange de mear as tritich jier âlde loadsboaten dy't der no binne. De boat moat noch ôfboud wurde en komt ein 2012 yn de feart.