Keatse op it Noarderleech

21 jul 2012 - 12:25
  • It bûtendykse keatsfjild op it Noarderleech
  • It Noarderleech achter de tydlike keatsarena

Op it bûtendyks lân fan it Noarderleech by Marrum wurdt sneon keatst. It giet om in inisjatyf fan de MAFIA, Marrummers altijd fanatiek in Actie. Sy hawwe de wedstryd yn it Noarderleech organisearre. Keatsers fine it in moai inisjatyf; der steane 37 partoeren op 'e list. Oan de wylde wedstriid dogge ferskate âld-keatstoppers mei.

As it oan de MAFIA leit wurdt de bûtendykse keatswedstriid in tradysje. Der wurdt op it Noarderleech keatst om 'in brûnzen stikel' en om it 'kampioenskip fan Fryslân bûtendyks'.

By de manlju waard de brûnzen stikel wûn troch it partoer S. Minnesma, J. van der Bos en P. van der Schoot. By de froulju wûnen H. van der Schoot, I. Tuininga en M. Zeinstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)