Selstraffen foar oerfallers

18 nov 2011 - 10:49

Twa ynwenners fan Wolvegea dy't gewelddiedige oerfallen pleegd ha, moatte 9 en 7 jier de sel yn. Dat hat de rjochtbank tongersdei besletten. Se ha ein ferline jier ûnder oare in snackbar yn Aldskoat oerfallen en in man út De Gordyk út syn auto lutsen en bedrige. Se brûkten dêrby ferskate messen, wêrûnder in machete.

By de oerfallen wie ek in tredde Wolvegeatser belutsen, in jonge fan 16 jier. Dy krige fan de rjochtbank in jier jeugddetinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)