Grutte brân by scouting B'post

21 jul 2012 - 11:04

It klupgebou fan skouting De Brimzen yn Bûtenpost is freedtenacht ferlern gien by in brân. De plysje docht ûndersyk nei brânstifting. It gebou wie de ôfrûne jierren yngreven renovearre, mar is neffens it bestjoer no net mear op te knappen.

In gelok by in ûngelok is dat in part fan it materiaal - lykas tinten en gasstellen - al ynpakt wie op in oanhinger foar it welpesimmerkamp dat sneon begjint. Dat materiaal is sadwaande bewarre bleaun, mar it measte guod is ferlern gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)