Ekstra boaten nei de eilannen

Fanwege it begjin fan de simmerfakânsje is it sneon en de kommende dagen drok by de fearboaten nei de eilannen. Rederij Doeksen lit dêrom sneon ekstra boaten farre. Om healwei twaen sneontemiddei fart der in ekstra flugge boat fan Skylge nei Harns, in oere letter giet der in ekstra boat nei Flylân.
Rederij Wagenborg lit nije wike moandei, tiisdei en woansdei ekstra boaten nei It Amelân farre.