Mear banen enerzjybrânsj

It tal banen yn de Fryske enerzjysektor is sterk tanaam. Dat docht bliken út sifers fan de Energiemonitor. Yn tsien jier tiid is it oantal banen yn dizze sektor mei 34 prosint groeid yn ús provinsje. Deputearre Hans Konst tinkt dat der benammen op it mêd fan wynenerzjy kânsen lizze foar ús provinsje. Fryslân hat in soad ekspertise op it mêd fan wynmûnen. 20 prosint fan de elektrisiteit yn Nederlân wurdt yn it Noarden opwekke. De kommende jierren sil dat fierder tanimme fanwege de bou fan in oantal wynmûneparken.