Van der Bos oppermachtich

20 jul 2012 - 21:00
  • It winnende partoer

Mei oermacht wûn it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger freedtejûn de frije formaasjepartij yn Minnertsgea. Nei de ferreinde earste omloop en it útstel fan woansdei wiene de omstannichheden no poerbêst. Poerbêst wie ek de opslach fan Van der Bos. Yn de finale waard mei 5-0 en 6-2 wûn fan Johan van der Meulen, Folkert van der Wei en Marten Feenstra. Van der Bos tekene foar acht sitballen en twong ferskate kweaslaggen ôf.

Yn de heale finale waard it partoer fan Bauke Triemstra mei 5-3 en 6-0 ferslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)