KNVB past play-off regels oan

20 jul 2012 - 20:19
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

De KNVB hat de regels foar de play-offs foar it Europeesk fuotbal oanpast. De organisaasje wol dêrmei foarkomme dat der op 'e nij frjemde situaasjes ûntstean, lyk as by de lêste wedstryd fan it ôfrûne seizoen tusken Sportklup Hearrenfean en Feyenoord. Troch in apart ferrin yn de kompetysje wie it foar Hearrenfean doe better om te ferliezen as om gelyk te spyljen.

Mocht sa'n situaasje him op 'e nij foardwaan, dan sil der yn de play-offs tenei foar twa Europeeske tickets yn stee fan ien striden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)