Miljoen foar kursus AB-minsken

20 jul 2012 - 19:57
  • AB Fryslân Snits

Utstjoerburo AB sil in miljoen euro ynvestearje yn de oplieding fan it personiel. Mear as de helte fan de alvehûndert meiwurkers krije in kursus yn Windows, Office en multymedia.

AB hat in nij systeem oanskaft en dat betsjut dat net mear mei papier wurke wurdt. Alles giet safolle mooglik mei de kompjûter. Mar dan moat elkenien der wol mei wurkje kinne. En dat is in probleem foar minsken dy't der foar keazen hawwe om mei de hannen te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)