Man sjit mûzebiter del
De plysje hat yn Aldhoarne begjin dizze wike in 23-jierrige man oanholden foar it deasjitten fan in mûzebiter. Nei in tip gie de plysje nei de man ta. Yn de wenning waard in gewear mei munysje oantroffen en bekende de man dat hy de fûgel delsketten hie. It wapen en de munysje binne yn beslach naam.