Willemsma foarsitter Tryater
Tytsy Willemsma út Boarnwert is de nije foarsitter fan it Fryske teaterselskip Tryater. Willemsma is de opfolger fan Bearn Bilker. Sy sit al sûnt 2009 yn it bestjoer.
Tytsy Willemsma wurket yn Brussel as fertsjintwurdiger foar it gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes en stêden SNN yn Brussel. Earder wie se wethâlder yn de gemeente Dongeradiel foar de FNP.