105 Friezen krije lintsje

27 apr 2012 - 12:10
  • Rienk de Jager út Wâlterswâld en Boargemaster Aalberts

69 manlju en 36 froulju út Fryslân hawwe freed in keninklike ûnderskieding krigen. De lêste wurkdei foar keninginnedei is tradisjoneel de dei fan de lintsjerein.

Professor dr. Degener fan Smelle Ie. krige de heechste ûnderskieding. Hy is mikrobiolooch oan de Ryksuniversiteit Grins en waard beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau. Fjouwer Friezen waarden beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Ferline jier krigen 108 Friezen in lintsje op Keninginnedei.

Foarbylden fan Friezen dy't in lintsje krigen binne:
* Rein Ferwerda út Smellingerlân. Hy is âld-direkteur fan it konservatoarium yn Grins en sûnt de jierren fyftich in bekend gesicht yn tal fan tsjerken, dêr't er oargelist wie. Hy is ek foarsitter fan it College van Kerkorganisten yn Drachten.
* Skiedend direkteur Soet fan de Rabobank Noord-Oost Friesland.
* Jolle Jonke fan Eachmaryp docht in soad foar it behâld fan oldtimers en is ek bekend as âld-foarsitter fan de Friese Ballonfeesten.
* Frou van Essen-Zondervan út Reduzum is ûnderskieden omdat se al hast 60 jier aktyf is as frijwilliger. Sa hat se soarge foar in sike doarpsgenoat en hat se jierren in kliïnt fan it deiferbliuw foar lichaamlik en ferstanlik handikapten foar in moarnskoft yn de wike yn har gesin opnommen.
* Klaas Zijlstra fan Boalsert is ek ûnderskieden, bygelyks omdat er al 41 jier frijwilliger is bij de rommelmerkkommisje yn Boalsert. En ek al 37 jier aktyf foar fuotbalferiening CVV Bolswardia.
* Andries Pebesma fan Beetstersweach is riddere. Bygelyks foar syn ynset foar it behâld fan de tropyske kas op 'e Sweach. En hy wie ek aktyf as riedslid en fraksjefoarsitter yn Opsterlân.
* En sjoernalist Jan Herman Heuff fan Skylge krijt ek in lintsje, foar syn ynset foar it behâld fan in tal unike rêdingsboaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)