Hearrenfean:Roemenië of Finlân

20 jul 2012 - 14:04
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

De kâns is grut dat SC Hearrenfean it yn de Europa League opnimme moat tsjin Rapid Boekarest. Hearrenfean moat it opnimme tsjin de winner fan it duel tusken Boekarest en it Finske Myllykosken Pallo (MyPa) 47. Dat hat de lotting by de UEFA freed bepaald.

Omdat Rapid it earste duel tsjin de Finnen mei 3-1 wûn hat, is de kâns grut dat Hearrenfean it tsjin de Roemeenske klup opnimme mei. De return fan de earste wedstriid is nije wike tongersdei. Hearrenfean spilet de earste wedstriid út op tongersdei 2 augustus, de return is op 9 augustus.

Nei National, Dinamo en Steaua wurdt Rapid mooglik de fjirde klup út Boekarest dêr't SC Hearrenfean it yn Europeesk ferbân tsjin opnimme mei. Rapid einige it ôfrûne seizoen as fjirde yn de Roemeenske kompetysje. MyPa, de âlde klup fan ûnder oare Jari Litmanen, stiet no fyfde yn Finlân. Mocht it sa wêze dat Rapid Boekarest de tsjinstanner wurdt, dan kin it sa wêze dat Hearrenfean earst thús spilet. Dat hat te krijen mei it feit dat Steau Boekarest tagelyk in Europeeske wedstriid spilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)