Maeykehiem begjint yn Langwar

20 jul 2012 - 12:12

Yn Langwar komt in wensoarchkompleks foar minsken mei in ferstanlike of lichaamlike beheining. It gebou komt op de lokaasje fan de bedriuwshal fan de eardere eigener Portena oan de râne fan it doarp. It soarchkompleks wurdt in nevenfestiging fan Stichting Maeykehiem yn Sint Nyk.

It wurdt boud troch Stichting Wonen Zuidwest-Fryslân. Maeykehiem sil it yn elts gefal earst tsien jier hiere. It is it doel om mids takom jier mei de bou te begjinnen. Yn it gebou kinne sa'n 27 minsken mei in beheining wenje. Der kinne 25 minsken oan it wurk.

By Maeykehiem wurkje no al ûngefear 250 minsken. It nije gebou yn Sint Nyk moat oer twa jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)