'Net gearkloftsje yn Damwâld'

20 jul 2012 - 12:01

Om yn de simmerperioade oerlêst fan jongerein foar te kommen hat de gemeente Dantumadiel yn parten fan Damwâld in gearkloftferbod ynsteld. It giet ûnder oare om it hertepark, it Botkepaad en it stik bosk neist de sportfjilden. It ferbod jild oant begjin septimber.

It is yn de gebieten net tastien om tusken tsien oere jûns en sân oere moarns mei mear as fjouwer minsken oanwêzich te wêzen. De gemeente hat dizze wike in tal jongeren dy't earder oerlêst feroarsake mei in sms-berjocht ynformearre oer it gearkloftferbod.

Wa't him of har net oan it ferbod hâldt moat rekken hâlde mei in pittige straf. Dy kin oprinne oant in boete fan in pear tûzen euro of sels selstraf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)