Ferslaafden belje graach help

20 jul 2012 - 11:17

De telefoanyske helptsjinst fan Ferslavingssoarch Noard-Nederlân is yn twa moanne tiid al mear as twahûndert kear belle. Neffens de ferslavingssoarch foarsjocht de helptelefoan yn in ferlet. It nûmer kin belle wurde troch ferslaafden, eks-ferslaafden, mar ek troch dy har famylje en freonen.

Se kinne der terjochte foar fragen, mar ek om har ferhaal te dwaan. De telefoanyske helptsjinst is te berikken tusken njoggen oere moarns en alve oere jûns. De ferslavingssoarch wol de tsjinst nei de fakânsje útwreidzje oant 24 oeren deis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)