Fytser ferwûne by ûngelok

© Ben de Jager
In jonge (17) út Ferwert is tongersdei yn Damwâld ferwûne rekke by in ûngelok. De jonge fytste op de Hearewei fan Damwâld nei Rinsumageast, doe't er ynienen oerstuts. In autobestjoerder (56) út Damwâld koe him sa hurd net mear ûntwike, wêrtroch't de jonge tsjin de sydkant fan de auto oankaam.
Hy rekke ferwûne oan de holle. De traumahelikopter waard ek oproppen. De jonge is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.