Frou stiftet brân yn eigen hûs

20 jul 2012 - 10:37

De plysje hat tongersdei yn Ljouwert in frou (38) út de stêd oanhâlden, omdat se brân makke hie yn har eigen hûs oan de Troelstrawei. Omwenners waarden wekker fan it lûd fan in reekmelder en seagen dat der reek út it hûs fan 'e frou kaam. De brânwacht koe it fjurke gau útkrije en ûntduts dat it oanstutsen wie.

De fertochte wie net yn de buert. Se waard letter flakby har hûs oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)