Prik helje op Eelde

De noardlike GGD's organisearje de kommende trije sneonen spesjale faksinaasjedagen op fleanfjild Eelde. Fakânsjegongers kinne foar de reis yn in aparte romte ynintings helje tsjin hepatitis, diftery, tetanus en polio.
De GGD's hawwe fêststeld dat in soad reizgers ûnfoldwaande beskerme op reis geane. Foar in lân as Turkije bygelyks is it advys om ynintingen te heljen. Sadwaande wurdt foarkaam dat reizgers mei krupsjes wer weromfleane nei Nederlân.