Fertochten út Súd-Amearika

20 jul 2012 - 10:01
  • Plysje helikopter

De minsken dy't tongersdei oanhâlden binne omdat se op It Hearrenfean in klûs stelle woene, komme út Meksiko en Guatamala. Se ha gjin fêst wenplak. De fiif besochten tongersdei yn te brekken op de Fonteinkruid op It Hearrenfean, mar naaiden út doe't se betrape waarden troch buertbewenners.

Nei in klopjacht troch de plysje, wêrby't ek hûnen en in helikopter ynset waarden, koe ien fan de fertochten yn de buert fan Bant yn de Noardeastpolder oanhâlden wurde. De oare fjouwer waarden tongersdeitenacht sjoen troch in plysje yn boarger en oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)