Atelier Fryslân hâldt op

20 jul 2012 - 09:55

Advysorganisaasje Atelier Fryslân hâldt op te bestean. Nei fjouwer jier lûkt de provinsje de stekker derút. Atelier Fryslân joech advizen op it mêd fan lânskipsarsjitektuer en romtlike oardering. De provinsje hie sels it inisjatyf naam foar it Atelier.

Omdat de ûnderfiningen mei de advizen posityf binne, stelt de provinsje no in spesjale adviseur foar romtlike kwaliteit oan. Atelier Fryslân joech advizen oer ûnder oare de Waadkust en oer hoe om te gean mei wynmûnen yn it lânskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)