Ynslach: gjin wetter yn Bears

Hast fyftich húshâldens en bedriuwen yn Bears en omkriten hawwe tongersdei de hiele dei sûnder liedingwetter sitten. Dat wie it gefolch fan swiere tongerbuien yn de nacht fan woansdei op tongersdei.
Troch ynslaggen fan wjerljocht binne op fjouwer plakken lekken yn jitizeren wetterliedings ûnstien. Meiwurkers fan Vitens hawwe tongersdei de hiele dei wurk hân om de liedings te reparearen.