Drege ljepperij Winsum

Thewis Hobma © awfoto.nl
De ljeppers yn Winsum hiene it tongersdei dreech mei de wyn rjocht op de barte en it gebrek oan ritme. Thewis Hobma ljepte yn syn alderlêste sprong nei 19.19 meter en dat wie genôch foar syn twadde deititel. Ysbrand Galama waard twadde mei 19.04, Nard Brandsma tredde mei 18.63.
By de jonges gong de winst foar it earst dit seizoen nei Jan Teade Nauta mei in persoanlik rekôr fan 16.30. Daan de Vries wie mei 17.44 de bêste by de junioaren en Hiske Galama wûn mei 15.16 by de froulju. It wie foar har de fjirde deititel.