Nije sykaksje nei klûsdieven

19 jul 2012 - 21:35

De plysje Flevolân hat tongersdeitejûn opnij socht nei fjouwer fertochten dy't earder op de dei in klûs út in wenning op It Hearrenfean besochten te stellen. Doe't de dieven troch in buertbewenner by de wenning sjoen waarden, naaiden se út mei in blauwe BMW. De plysje fûn de auto letter leech werom op de A6 by Bant. Yn de omkriten waard ien fertochte oanhâlden.

Omdat letter by Rutten troch in plysjeman opnij spoaren fûn waarden, waard der opnij socht. Dit kear sûnder resultaat.

Trefwurden: 
stellerij klûs dieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)