Kassa tydlik teater ticht

19 jul 2012 - 21:10

Freed kinne foar it lêst kaartsjes kocht wurde by de kassa fan it tydlike teater yn Snits. De kassa oan de Kerkgracht giet definityf ticht no't it nije permaninte teater oan de oare kant fan it wetter sa goed as klear is. Oer in moanne moatte dêr de doarren foar it earst iepen.

Troch de sluting fan de kassa kinne der in moanne lang gjin kaarten kocht wurde op lokaasje. Allinnich online is dat noch mooglik op de site fan it teater.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)