122 fytsen fuorthelle yn Snits

19 jul 2012 - 17:05

By it sintraal stasjon yn Snits binne tongersdei 122 stikkene fytsen fuorthelle, dy't dêr al in hiel skoft yn de stalling stiene. Sa woe de gemeente besykje wer romte te meitsjen yn de stalling.

De lêste tiid stiene der in soad fytsen bûten de stalling, omdat der gjin romte mear wie. Op dy fytsen is in sticker plakt, wermei't frege wurdt om de fytsen op in goed plak te setten. De tafersjochhâlders fan de gemeente hawwe itselde dien op oare stasjons yn de gemeente. By stasjon Snits Noard binne bygelyks nochris 20 fytsen fuorthelle.

As ien syn fyts kwyt is, kin dy mei de gemeente belje om him eventueel wer werom te krijen. Alle fuorthelle fytsen binne troch de gemeente registrearre.

Trefwurden: 
Snits stasjon fytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)