'Gjin noed oer foech EU jild'

19 jul 2012 - 17:02

It Noarden hoecht 'm foarearst gjin soargen te meitsjen oer it foech oer it Europeeske jild dat se krije. Dat sei eurokommissaris Hahn tongersdei by in wurkbesite yn it Noarden. It Ryk sjocht leaver dat Den Haach it jild sels ferdielt. It Noarden is benaud dat der dan minder oerbliuwt foar de ekonomyske ûntjouwing hjir.

Hahn wie yn Fryslân om te sjen wat de subsydzjes út Brussel de ôfrûne jierren opsmiten ha. Sa gie der ûnder oare in soad jild nei Wettertechnologysk ynstituut Wetsus yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)