8 jier easke foar oerfal thús

19 jul 2012 - 15:10
  • Justysje

Tsjin in 27-jierige man út Nieuw-Vennep is tongersdei yn heger berop 8 jier selstraf easke. De fertochte fan in wapene oerfal op in hûs yn Easterwâlde, wêrby't in bewenner mishannele waard, wie earder foar dizze saak noch troch de rjochtbank frijsprutsen.

De rjochtbank joech earder in 29-jierige man en in frou fan 23 selstraffen fan acht en seis jier yn dizze saak. De oare twa waarden gebrek oan bewiis frijsprutsen. Neffens it iepenbier ministearje binne sy lykwols wol belutsen by de oerfal. De útspraak is oer 14 dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)