Bredere funksje nije Windlust

De tryste resten fan 'e mûne op Peaskemoandei © Omrop Fryslân, Andries Bakker
De mûne fan Boerum krijt nei it wer opbouwen oer twa jier bredere, en minder steile treppen, om it gebou mear mooglikheden te jaan. De Windlust brânde op 8 april hielendal ôf. Al foar dy tiid hie it bestjoer plannen om de mûne in bredere funksje te jaan, as allinnich it meallen fan graan.
Der soene bygelyks skoalklassen ûntfongen wurde kinne, of de mûne soe tsjinje kinne as troulokaasje. De stifting Erfguod Kollumerlân hat koartlyn grien ljocht krigen fan de fersekering, foar de werbou. De mole wie fersekere foar 1 miljoen euro.