46.000 euro foar Spitkeet

19 jul 2012 - 14:08
  • Spitkeet

Iepenloftmuseum De Spitkeet op 'e Harkema krijt rom 46.000 euro fan de gemeente Achtkarspelen. It jild is bedoeld foar de bou fan in pikehokwente. Fanwege de wenningneed waarden flak nei de oarloch hinnehokken omboud ta wenhûs, it museum wol graach sa'n hûs bouwe as lesmateriaal.

Fierder wurdt der in boarterstún oanlein mei natuerlike materialen. Neist de gemeente betelje ek de provinsje, Plattelânsprojekten en it museum sels oan de útwreiding mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)