Nije wenfoarm GGZ yn Snits

19 jul 2012 - 11:46
  • GGZ

GGZ Friesland kin fan tongersdei ôf beskikke oer in nije wenfoarm yn Snits. Dêr binne oan de Jancko Douwmastrjitte it ôfrûne jier 24 apparteminten delset. Neist de apparteminten is der ek in tsjinstesintrum en in rekreaasjeromte boud.

Doel is dat de earste bewenners dizze simmer nei it gebou ferhúzje. Dêr wurde ek noch apparteminten foar jonge minsken mei in ferstanlike beheining by set. Dy sille dêr ûnder begelieding wenje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)