Gjin fúzje fuotbal Harns

19 jul 2012 - 11:41

Der komt gjin fúzje tusken de trije fuotbalklups yn Harns. In wurkgroep dy't de fúzje oan it tarieden wie hat de opdracht weromjûn. Dat is dien omdat der gjin oerienstimming berikt is oer de dei wêrop de wedstriden spile wurde moatte. De trije klups hawwe no oare spyldagen, dat soe úteinlik de sneon wurde moatte.

Ut in rûngong by de bestjoeren del hat bliken dien dat net elkenien him dêr yn fine kin. De fúzje giet dêrom net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)