Min seizoen boatsjeferhier

19 jul 2012 - 11:32

De boateferhierders hawwe in striemin foarjier hân. Der binne sa'n tweintich prosint minder boaten ferhierd en dit hat foar in part te krijen mei in minne waar. De minsken hawwe genôch fan de rein en sykje de sinne op.

De klap falt benammen yn de ferhier fan iepen boaten, lykas valkjes en sloepen. Grutte krúsers en kajútboaten mei in soad komfort, dogge it wat better. It is al it tredde seizoen dat troffen wurdt troch min waar. Mar it ferskil is dat de ferhier yn de ôfrûne twa jierren goed wie en no dus net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)