Fertochte stekpartij oanhâlden

19 jul 2012 - 10:42

De plysje hat in 22-jierrige man út Drachten oanhâlden foar in stekpartij yn de feesttinte fan Wynjewâld yn juny fan dit jier. Hy foel tegearre mei freonen meardere minsken lestich yn de feesttinte. By ien fan dy rûzjes rekke in 22-jierrige ynwenner fan De Hemrik ferwûne.

Hy is nei alle gedachten stutsen mei in mes. Dat wie doe't er in opmerking makke tsjin de manlju oer harren gedrach. Hy waard dêrnei oanfallen. Troch him te ferskûljen yn in boskje koe er oan har ûntkomme. Hy moast letter behannele wurde yn it sikehûs yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)