Beswier BetterAs foar kommisje

19 jul 2012 - 07:30

In provinsjale kommisje behannelet nije wike moandei it beswierskrift fan BetterAs. Dizze aksjegroep hat besocht om mei in boargerinisjatyf de oanlis fan de sintrale as opnij op de aginda fan provinsjale steaten te krijen. BetterAs hope dat de provinsjale polityk dêrby foar in goedkeapere fariant fan de dyk kieze soe.

Omdat neffens de wet in boargerinisjatyf net jildt foar saken dêr't al in beslút oer naam is, waard it fersyk fan BetterAs ôfwiisd. De aksjegroep sjocht dat oars en hopet by de kommisje dochs noch syn gelyk te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)