Skoallen net mear swak

17 nov 2011 - 20:05
  • Vlindertuin Wolvega

Fan de 32 iepenbiere skoallen yn East- en Weststellingwerf presteart net ien mear ûnder de maat. Dat sei boppeskoalsk direkteur Sake Saakstra tongersdei by de offisjele iepening fan de nije brede skoalle De Vlindertuin yn de Lindewyk yn Wolvegea. Dat is ek it nije gebou fan de Tuindorpschool, dy't twa jier lyn min prestearde.

Ek trije oare skoallen yn de Stellingwerven waarden op de fingers tikke, yn Noardwâlde, Easterwâlde en De Blesse. De negative beoardieling fan de skoalle yn Wolvgea kaam mei troch it minne gebou dêrt se yn sieten.

De iepening waard tongersdei dien troch wethalder Jelmer van der Zee. Hy ûntbleate mei help fan in learling in tegel mei fuotstappen fan it âldste en it jongste bern yn it nije gebou. De nije skoalle hat 1,3 miljoen euro koste. De bou hat in lyts jier yn beslach naam. It gebou hat de namme 'Vlindertuin' krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)