Bolwurk Dokkum makliker meand

Yn Dokkum kinne tenei de bolwurken makliker meand wurde. De mienskiplike grienfoarsjenning fan Dongeradiel en Dantumadiel hat dêrfoar in spesjale meanmasine kocht. Dy masine is radiografysk bestjoerber en kin mei in stielkabel fêstmakke wurde, sadat er net fan de skeane kanten fan it bolwurk ôfglidet.
De grienfoarsjenning wie al langer op syk nei in masine dy't geskikt is foar dit doel. De masine sil ek op oare plakken yn Dantumadiel en Dongeradiel brûkt wurde. It apparaat wurdt makke yn in fabryk yn Tsjechië.
De direkteur dêrfan hat woansdei de kaai oerdroegen oan wethâlder Pytsje de Graaf.