Keatsen Minnertsgea ferreind

© Aise van Beets Omrop Fryslân
De haadklasse keatspartij fan Minnertsgea dy't woansdei troch it minne waar net útkeatst wurde koe, krijt op freedtejûn om seis oere in ferfolch. Dat jildt dan allinne foar de manlju. Yn Minnertsgea waard de earste omloop by de manlju ferkeatst, by de froulju wie de twadde omloop al los. Bestjoer en skiedsrochters fûne it doe net mear fertroud om fierder te gean. It fjild wie ien sompe. In nije datum foar de froulju moat noch socht wurde. Dat kin net tagelyk mei de manlju, omdat in protte froulju mei fakânsje gean. It wykein is keatsfrij.