Oanpak mishanneling neifolge

De Fryske oanpak fan bernemishanneling krijt mooglik lanlike neifolging. Yn it Multidisciplinair Centrum Kindermishandeling Friesland wurkje ferskate organisaasjes gear, lykas Bureau Jeugdzorg, de plysje, sikehûs MCL en de GGZ. Troch dy gearwurking wurdt in gefal fan bernemishanneling op ien adres ôfhannele, fan de melding oant en mei de helpferliening. De ministearjes fan VWS en Feiligens en Justysje hâlde de Fryske oanpak de kommende oardel jier yn 'e gaten en bepale dêrnei oft dy yn it hiele lân ynfierd wurdt.