Sietske mooglik faker yn ferwachting

© Tekening Aloys Oosterwijk
Sietske H. wie mooglik mear as fjouwer kear yn ferwachting. Dat komt nei foaren yn de heger-beropsaak dy't tongersdei tsjinnet by it Gerjochtshôf yn Ljouwert. Yn 2000 skreau Sietske H. yn har deiboek dat se it fermoeden hie yn ferwachting te wêzen. Se seit tongersdei lykwols dat se dêr neat mear fan wit.
Oaren ha ferklearre dat se ek yn 2008 en 2010 swier west hawwe moat. Sels ûntkent se dat. De rjochter freget him ôf oft it folsleine geheim fan Sietske H. no wol bekend is.