Cambuur sûnder Van der Heide

17 nov 2011 - 13:19

Cambuur spilet de útwedstriid freed tsjin Telstar sûnder Sandor van der Heide. De oanfierder hat lêst fan in knibbelblessuere. Ek keeper Marco Bizot spilet net. Hy hat hinder fan in polsblessuere. Martijn van der Laan is noch in twifelgefal. Hy hat lêst fan in tean. Freed wurdt besjoen oft hy spylje kin. Leon Hese is syn ferfganger as Van der Laan net spilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)