Marco Bizot lang útskeakele
Cambuur keeper Marco Bizot sil nei alle gedachten foar de winterstop net mear keepe by Cambuur. Bizot hat in bonkje brutsen yn syn pols en de ferwachting is dat hy opereard wurde moat. Freed giet Bizot nei it VU sikehûs yn Amsterdam en dêr wurdt beslist hoe't de blessuere behannele wurde sil. Robbert te Loeke is de ferfanger fan Marco Bizot.