Fryske stipe foar New York

Fryslân boerd © ANP
Friezen helpe mei mei it enerzjyneutraal krijen fan it New Yorkse Roosevelt Island. In delegaasje út New York is dizze dagen op besite yn Fryslân en lit him byprate oer wat de mooglikheden binne. It eilân hat him twa jier lien oansletten by de plannen om de waadeilannen folslein ûnôfhinklik te meitsjen fan fossile brânstoffen en fan de fêste wâl. Mei de kennis dy't hjir opdien wurdt tinke se yn New York in behoarlike slach meitsje te kinnen.
Op Roosevelt Island, sa grut as Skylge, wenje 12.000 minsken. Op it eilân wrakselje se mei ûnder oare wetterproblemen. Sa'n 30 persint fan it drinkwetter lekt fuort. Ek ha se in soad problemen mei it ôffalwetter. Projekten lykas yn Snits dêr't dat wetter yn de huzen sels suvere wurdt, binne in foarbyld foar de Amerikanen.