Rekôr tal leden Fryske Gea

17 nov 2011 - 12:30

Natuerorganisaasje It Fryske Gea slút 2011 ôf mei in rekôr tal leden. De teller stiet op dit stuit op 28.500. De groei wurdt feroarsake troch gearwurking yn it saneamde natuerkollektyf. Dat betsjut dat nije klanten fan soarchfersekerder De Friesland foardielich lid wurde kinne fan in natuerorganisaasje. 6000 fan dy klanten hawwe derfoar keazen lid te wurden fan it Fryske Gea.

Yn 2005 die it Fryske Gea ek alris in grutte lede-aksje, yn ferbân mei it 25-jierrich bestean. Dat smiet doe 25.000 leden op, mar de lêste jierren rûn it ledetal wer werom.

Trefwurden: 
it Fryske Gea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)