Toskedokter ûnder tafesjoch

17 nov 2011 - 12:10

De toskedokterspraktyk Tandzorg Leeuwarden is troch de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch ûnder ferskerpe tafersjoch steld. Ek de praktyk yn Sint Nyk wurdt ekstra yn de gaten hâlden. Neffens de ynspeksje kinne de praktiken net garandearje dat de kwaliteit fan de soarch goed is. Ek soe de feilichheid yn de kiif stean. By in kontrôle die bliken dat dossiers net kompleet binne. Dêrneist wie de kontrôle op de röntgenpraktyk net goed regele.

De praktiken wurde de kommende trije moanne ekstra goed yn de gaten hâlden. Under oare troch ûnferwachte ynspeksjes. De Ljouwerter praktyk sels ûntkent de beskuldigings.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)