Sietske H. ûntkende swangerskip

© Omrop Fryslân
Froulju dy't yn ferwachting binne, mar it berntsje net ha wolle, sjogge wol dat se in dikke búk ha, mar wolle it net sjen. Se ferbergje it. Dat sei saakkundige Paul van den Berg tongersdei by de hegerberopssaak tsjin Sietske H. út Nij Beets. Van den Berg is haad Ferloskunde yn it UMCG yn Grins.
Sietske H. frege oan it gerjochtshôf om in legere straf: "Ik haw fan tefoaren nea dwaande west mei wat ik mei de bern dwaan soe." Se fynt it dêrom ûnterjochte dat se foar bernemoard feroardiele is. Sy en har advokaat pleitsje foar bernedeaslach.