Hôf bûcht him oer Sietske H.

17 nov 2011 - 10:22

Yn it gerjochtshôf yn Ljouwert tsjinnet tongersdei de hegerberopsaak tsjin Sietske H. út Nij Beets. De frou waard yn maaie fan dit jier troch de rjochtbank feroardiele ta 12 jier sel foar moard en deaslach fan har fjouwer baby's. Neffens de rjochter brocht sy har poppen fuort nei de berte om it libben. Yn har omjouwing hie net ien troch dat Sietske H. swier wie.

Yn trije gefallen oardiele de rjochter dat it om moard gie, by ien baby gie it om deaslach. Sietske H. gie tsjin de útspraak yn berop. Neffens har advokaat binne de earste twa poppen mooglik dea berne, by de oare twa soe it gean om bernedeaslach en net bernemoard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)