Ynbrekkers steurd troch buorman

17 nov 2011 - 10:02

Twa 19-jierrige manlju út Ljouwert binne woansdei oppakt om't se besochten yn te brekken by in hûs oan De Bird. It twatal waard lykwols steurd doe't in buorman by it hûs delried. Se naaiden fuortendaliks út. In buorfrou seach it trelit út har sliepkeamerrút wei en belle de plysje.

Mei help fan in sinjalemint fan de frou koe de plysje de twa efkes letter oanhâlde op de Gealannen. Beide binne oerbrocht nei it plysjeburo en sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)