Molke as ferwaarming fan pleats

17 nov 2011 - 07:43

Yn Teridzert wurdt al in jier lang in pleats ferwaarme mei molke. It giet om in plan fan it bedriuw Agri Comfort. Dy ûntwikkele in systeem wêrby't in hûs ferwaarme wurdt mei molke dy't krekt fan de kij út de stâl komt.

In spesjale tsjettel kuollet de molke ôf. De enerzjy dy't dêrby frijkomt, wurdt brûkt foar de kachel.

Agri Comfort lei it systeem woansdeitejûn út oan tsientallen feehâlders út de omkriten fan Frjentsjer. It bedriuw tinkt dat it wolris in grut súkses wurde kin.

Trefwurden: 
Teridzert Agri Comfort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)