HIV-test anonym en fergees yn MCL

16 nov 2011 - 19:43

Yn sikehûs MCL en by de GGD-Fryslân kin ek dit jier fergees en anonym in HIV-test dien wurde. Dat is yn it ramt fan de Wrâldaidsdei. Minsken dy't tinke dat se mooglik it HIV-firus ûnder de lea hawwe kinne tusken 28 novimber en 1 desimber in ôfspraak meitsje foar sa'n test.

Der is yn dy wike ek in ynrinsprekoere by it COC. De test wurdt dien troch in útstrykje fan it wangslym te meitsjen. De útslach is binnen 20 minuten bekend. Ferline jier waarden de testen foar it earst fergees oanbean, doe makken 86 minsken der gebrûk fan. Dêrfan hie net ien it HIV-firus. Yn Nederlân witte noch hieltyd in soad ynfektearre minsken net dat se HIV hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)